Nijjierstaspraak boargemaster Johanneke Liemburg

WOMMELS

Boargemaster Johanneke Liemburg har nijjierstaspraak holden. Se hat dêryn oankondige dat de gemeente Littenseradiel in wikselpriis yn it libben ropt foar de fierste sprong by de fierljepfroulju, by it Frysk Kampioenskip dat jierliks yn augustus yn Winsum holden wurdt. Dy priis sil takom FK foar it earst útrikt wurde. Glêskeunstneres Monique Verbruggen hat de priis makke.

NIEUWJAARSTOESPRAAK BURGEMEESTER:  Frjemd en eigen It rûn tsjin de kryst en myn dochter skille foar samar in praatsje. Bysûnder, dat skiljen dan, want sa't ik ferline jier al ferteld ha appe wy meastentiids en sûnt sy ek in dochter hat, sawat alle dagen. Se fertelde dat se mei broer en skoansuster ôfprate soene yn Den Haach, op in gesellich drokke krystmerk. Ik fûn dat gjin bliid boadskip, want skiedend korpssjef fan de nasjonale plysje Gerard Bouman hie krekt sein dat der ek yn Nederlân in terroristyske oanslach komme sil, hy wist allinne net wêr en wannear. Dan kinne jo mar better net op sa'n krystmerk wêze. Dat sei ik lykwols net lûdop, want ik wit wat der dan komt. Dat ik earst marris wat dwaan moat oan de ferkearsfeiligens op ús plattelânsdiken bygelyks. Lokkich relativearre ik de wurden fan Bouman krekt op 'e tiid troch oan de Alvestêdetocht te tinken. Doe't wy it dêr koartlyn yn de Feilichheidsregio oer hienen, flústere myn buorman, ik tink de ienige kollega dy't de tocht sels riden hat, yn myn ear: 'Hy komt alle jierren tichterby.' Dat sizzen past yn deselde kategory as de wurden fan Bouman. Miskien komt der yn febrewaris noch in tocht, mar foar itselde friest it noait wer. Fan bestjoerders wurdt yn beide gefallen frege dat se der op taret binne. Bang wêze helpt net en oer dy Alvestêdetocht sit ik net yn noed. DeIJswegencentrale Baarderadeel dy't ús baanfak ûnderhâlde moat, is sels net bang foar in ekspearimint. Foar it earst yn 75 jier is der in frou yn it bestjoer keazen, Nelleke Meindertsma fan Jellum en se hat der nocht oan, sa die bliken op de sfearfolle jiergearkomste op de boppeseal fan it yn eare herstelde kafee Bonnema yn Mantgum. In oare frou dy't ferline jier de oandacht luts is Sjoukje Bijlsma fan Hidaard. Fan it begjin ôf wie se ien fan de driuwende krêften efter it boargerinisjatyf om Rien, Itens, Lytsewierrum, Hinnaard en Hidaard oan te sluten op de digitale snelwei. As mem fan fjouwer bern luts se yn de striid om it ynternet hieltyd oan it koartste ein. Yn Op 'e Skille fertelde se glunderjend wat it foar in húshâlding betsjut om fan 0,4 mb oer te gean op 100 mb. Wa't it plattelân libben hâlde wol en foarkomme dat elkenien nei de stêd ta giet, moat ferbining ha en om dat klear te krijen ha wy praktyske ambassadeurs as Sjoukje nedich. Wy binne der wiis mei dat it slagge is en dat dit boargerinisjatyf folge is troch in nij, dat it hiele gebiet yn ús gemeente dêr't de kommersje net yn ynteressearre is, oanslute wol op glêstried. Soks kin allinne mar slagje as der genôch minsken meidogge. Jim kinne jim belangstelling toane op www.littenseradiel.opglas.nl, dat ferplichtet noch ta neat. Praktyske froulju fine jo ek yn Jorwert. Fiif fan har kamen op it idee om flechtlingen, leafst in grutte húshâlding mei bern, ûnder te bringen yn it doarpshûs. Net allinne út neisteleafde, it doarp hat der ek wat oan. It doarpshûs dêr't no alle jierren jild by moat, bliuwt yn besit fan de mienskip en it draachflak foar foarsjenningen sa as de skoalle, wurdt grutter. Dat is in opstekker yn dizze fergriizjende tiid. As it in bytsje past, helpe de nij-ynkommelingen ek noch by de opbou fan it Iepenloftspul, hurder kin de yntegraasje net gean. Sokke win-win-sitewaasjes leverje in positive bydrage oan it debat oer flechtlingen. Sjen litte dat jo problemen oplosse kinne troch yn kânsen te tinken, sjen litte dat frjemd ek eigen wurde kin. Doe't ik derfan hearde tocht ik dat Sietske Visser wol ien fan dy fiif froulju wêze soe. Ik haw dizze ynwenster fan Jorwert fertellen heard hoe't sy mei in freondinne nei Lesbos reizge om te helpen by it opheinen fan boatflechtlingen, om't sy thús de bylden fan flechtlingestreamen net mear ferneare koe. Nei har ferhaal hear ik de boatsjes ek knysterjen op it kizelstrân en sjoch ik pjutten wei wurden ûnder steapels weismiten swimfesten op it strân. Sietske wie net ien fan dy fiif, mar se ha elkoar no fansels yn Jorwert wol fûn en ek Doarpsnut stiet achter it doarpshûs-inisjatyf. Ik hoopje dat it slagget, want de ynstânsjes dy't der oer geane, binne net wend om op dizze skaal te tinken en misse dêrtroch hiel wat kânsen. Ferline jier hie ik it op dit plak ek al oer Jorwert, jo soenen oer dit doarp in boek skriuwe kinne. Miskien jildt dat ek wol foar Easterein dat him net liene litten hat foar stimmingmakkerij nei oanlieding fan ús beslút om de sporthal beskikber te stellen foar krisisneedopfang fan twa kear 72 oeren. Tank dêrfoar. Lokkich hat dy krisisopfang fan flechtlingen hjir noch net nedich west. Op 1 jannewaris 2018 sil Jorwert oergean nei de gemeente Ljouwert en Easterein nei Súdwest-Fryslân. It sil it karakter en de selsredsumens fan dizze doarpen net reitsje. As it goed is, komme der sels mear mooglikheden om binnen bepaalde grinzen in eigen paad yn te slaan, want dy kant giet it út. Rûnom yn it lân wurdt eksperimintearre mei mooglikheden om minsken mear ynfloed te jaan bûten de ferkiezingen om. Sa is ek de nije namme fan de gemeente dêr't ús fjouwer doarpen Baaium, Spannum, Winsum en Wjelsryp yn opgean sille net fan boppenôf oplein. Ynwenners mochten sels nammen yntsjinje en dêrnei kieze. De útslach is op 16 desimber bekend makke yn Sint Anne. Doe't noch net bekend wie oft it Franeker, Nij-Westergo of Waadhoeke wurde soe, krige ik faak te hearren dat dy lêste namme net by ús fjouwer doarpen past. Wat ha wy hjir yn 'e greidhoeke no mei it Waad? Wat in ferrassing doe't útkaam dat krekt in ynwenster fan ús gemeente de namme Waadhoeke betocht hat: Sjoukje Tijssen út Wjelsryp. Yn Sint Anne lei se út, dat se in kaart pakt hie, de foarm fan de nije gemeente seach en de grins mei it Waad en doe wist se it: Waadhoeke. In grutte mearderheid wie it mei har iens. Wy ha alfêst in kadootsje foar de Waadhoeke, ynspirearre troch it Frysk kampioenskip Fierljeppen yn Winsum. It frouljusljeppen sit sa yn 'e lift, dat op 8 augustus foar it earst twa kategoryen meidiene ynstee fan ien. By it fierljeppen kin yn alle kategoryen (fiif foar manlju, twa foar froulju) in earste priis wûn wurde. De troch de provinsje Fryslân beskikber stelde wikselpriis, de sulveren pols, is foar de fierste sprong fan de dei. Yn téory kin dy ek troch in frou wûn wurde, mar yn de praktyk sit der tusken de fierste manljus- en frouljussprongen sa'n fjouwer, fiif meter. Hoe froufreonlik is de organisaasje fan it Frysk kampioenskip, frege âld- ljepper Evert Wilstra, sels winner fan in sulveren pols, him yn de Ljouwerter Krante ôf. Froufreonlik genôch soe ik sizze, want doe't wy dat bestjoer útstelden om as gemeente Littenseradiel in wikselpriis beskikber te stellen foar de fierste frouljussprong, wie dat samar klear. Glêskeunstneresse Monique Verbruggen út Kûbaard hat har op ús fersyk yn it fierljeppen ferdjippe en hjir is it resultaat. Wa't de priis trije kear achter elkoar wint of yn totaal fiif kear, mei him hâlde. Wat in omtinken foar frouju, en dan haw ik swimster Liesette Bruinsma út Wommels noch net iens neamd, dy't al trije limiten helle hat foar de Paralympische Spelen yn Rio de Janeiro. Jo begjinne mei in frou en foar't jo it witte sjogge jo gjin man mear stean, sa ûntstiet in old girls network. Dêr bin ik net op út en dêrom einigje ik mei in man: Hendrik Jellema, sûnt koart lid fan it brânwachtkorps fan Wommels. Mei syn skripsje 'Vak het gedrag' wûn hy de Nationale Verkeerskundeprijs en de Van Welderen Rengersprijs. Hendrik ûndersocht hoe't jo de ferkearsfeiligens fergrutsje kinne troch mei ienfâldige en dus goedkeape yngrepen it gedrach fan minsken te beynfloedzjen. Mei help fan de NHL dogge wy yn 2016 ûndersyk nei de ferkearsfeiligens op ús plattelânsdiken: wat binne de feiten, wat is it gefoel en wat kinne wy der oan dwaan? Hendrik syn kennis komt dan grif fan pas. Om misbegryp foar te kommen, it binne net myn bern, mar it is de gemeenteried dy't hjir om frege hat. Wy ha noch twa jier te gean as gemeente Littenseradiel. Jimme kinne noch oant 11 jannewaris reagearje op it weryndielingsûntwerp. Wy stribje dernei de oergong sa soepel mooglik ferrinne te litten en komme dêr de kommende tiid grif noch mei jim oer te praten. Foar no winskje ik jim allegearre in moai, sûn en freedsum 2016 ta.

Auteur

Cindy Houwen