PC-voorzitter: ‘PC moat dit jier hoe dan ek keatst wurde’

FRANEKER Als het aan PC-voorzitter Ids Hellinga ligt, komt der dit jaar een PC ‘met alles erop en eraan’. Als dat niet mogelijk blijkt te zijn, wordt gekeken naar andere scenario’s. Maar nog een jaar zonder PC is geen optie aldus Hellinga: ,,De PC wurdt dit jier keatst, hoe dan ek. We stean der optimistysk yn.”

Het was afgelopen jaar een bittere pil dat er weinig gekaatst kon worden en dat moest worden afgezien van de PC. Maar het bestuur kon niet anders: ,,Ferline jier koe it absoluut net, hoe graach we ek woenen. We betochten hieltyd nije senario’s, woenen de PC al nei in letter tiidstip skowe, mar we seagen gjin mooglikheid. We makken ús foaral soargen oer it tal minsken wat mooglik it Bolwurk op gean soe. We hawwe no in langere tarieding en hawwe allegearre ferskate senario’s lizzen. Boppedat hoopje we dat der de kommende moannen ymmuniteit opboud wurde sil, dan gean we sjen wat der mooglik is. It is fansels noch ‘koffiedik kijken’, je witte net by wat foar persentaazje der ferromme wurde kin, mar ik tink dat we it virus de kommende tiid mei entsjen ûnder kontrôle krije. Gefoelsmjittich gean ik derfan út dat we 4 augustus gewoan los kinne sa’t we it wend wienen. Slagget dat net, dan soe in PC letter yn it jier in opsje wêze. Twa jier efter elkoar gjin PC kin net, dat dogge we sawiesa net. Yn it úterste gefal wurdt it in PC sûnder publyk. Dan wurdt it in PC foar de statistieken. Fansels hat dat net ús foarkar, mar as it net oars kin, dan sil dat moatte. We binne wol aardich wendbaar, we hawwe in ridlik lyts bestjoer en we kinne gau beslisse.”

Een jaar geleden was Nederland nog niet gewend aan een leven met het coronavirus en de daarbij horende regels. Dat is nu anders volgens Hellinga: ,,It sentiment yn de keatswrâld is grut. De publyke opinie is nei hast in jier oars, ek by de keatsers sels. Dêr moatte we op antisipearje as bestjoer. De Freule en de Frouljus PC koenen ôfrûne jier al hâlden wurde mei sa’n 500 tot 600 minsken, by de PC is dat gjin opsje. It wurdt alles of neat. As je sa’n 600 minsken talitte meie, wa mei dan al en wa net? Dat kin by de PC gewoan net. De Freule en de Frouljus PC ha in prima kar makke troch it al troch gean te litten. Sy hawwe it op in goeie wize organisearje kinnen, mar foar de PC is it gjin opsje.”

Een teleurstelling vond Hellinga het dat een aantal afdelingen vorig jaar af zagen van het organiseren van KNKB-wedstrijden: ,,Der is ferline jier fiersten te min keatst. Der hie wol folle mear mooglik west. Dat hat my al aardich teloarsteld. Ik hie der soarch oer; it kaam te traach op gong. Benammen by de jeugd is der te min keatst wylst dat dochs goed te organisearjen wie. Dat hie folle earder starte moatten. We binne der sels as PC-bestjoer yn stapt en hawwe in pear wedstriden yn Frjentsjer organisearre, lykas de ‘Junioren PC’ op it Sjûkelân op de dei dat oars de PC keatst wurde soe. Dat moat fansels dit jier oars, der moat foaral troch de jeugd, safolle mooglik keatst wurde.”

,,Oan de oare kant wienen der no kansen foar ferienings dy’t oars gjin haadklassepartij ha, om der no ien te organisearjen. De ferienings fan bygelyks Moarre-Lioessens, Reduzum, Hommerts en Easterlittens binne der yn stapt en ha op treflike wize haadklassepartijen del setten. Ek Boalsert wie in foarbyld fan hoe’t it al koe. De keatsbûn moat de ferienings dit jier wat earder tariede, der is alwer in keatsaginda makke. We moatte mei elkoar sjen wat der mooglik is om dêr safolle wedstriden troch gean te litten. Wy stean der yn elts gefal optimistysk yn!”

Suwarda Vis.