Menaam na 110 jaar zonder bakker: ‘It hat moai west’

MENAAM De ovens blijven uit, de vitrines blijven leeg. Menaam moet het na 110 jaar stellen zonder bakker. Johannes en Sjoerdtje Huizenga bakten een week geleden de laatste broden en oranjekoeken. Nu gaan de master bakker van Menaam en zijn vrouw genieten van een welverdiend pensioen, een opvolger is er niet.

,,We litte de bakkerij en de winkel earst sa’t it is, it sit ús net yn’e wei. Wa wit komt der noch ien dy’t der wat yn sjocht, dan kinne se sa los”, vertelt Johannes Huizenga, ,,Offisjeel bin ik op myn fyftjinde begûn by heit yn’e saak. Heit hie it wer oernaam fan pake. Mar ik seach fannewike in foto doe wie ik in jier as tolve, doe brocht ik al mei in grutte koer foarop de fyts de bestellings rûn. Ach ja, dat gie doe sa. Ik bin der net minder fan wurden. It wie ek fanselssprekkend dat ik ús heit opfolgje soe. Wy hawwe fjouwer bern, mar net ien hie der nocht oan om it oer te nimmen. Wy hawwe se ek noait pusht, se moatte sels dwaan wat se moai fine. Allegearre bakke se thús wol, dat fyn ik dan wol wer moai. It wurdt der ek net makliker op om bakker te wêzen, der komme hieltyd mear rigeltsjes by.’’

De laatste dag werd een bijzonder feestelijke. Johannes en Sjoerdtje werden op een versierde kar door het dorp gereden, burgemeester Marga Waanders en wethouder Caroline de Pee kwamen langs en het stel werd overladen met bloemen. ,,Ik leau dat eltsenien bliid wie dat we ophâlden, sa’n blommen hawwe we krigen. We koenen fuort wol in blommesaak begjinne hjir! Gekhyd hear, ik mei graach stoke. De presentatoren fan Omrop Fryslân ha ek west, dy ha my efkes werom pakt. Ik mocht se altyd graach wat opruie. We hawwe in pracht fan in lêste dei hân, in soad minsken ha dermei yn it spier west, mar foaral ús oerbuorlju Ruud en Christa. Freed ha de Menamer feintsjes noch west, dat hie oars sneon ek sillen, mar dat koe no net, dan wienen der te folle minsken.’’

Een paar dagen nadat de deuren definitief gesloten werden, genieten de twee nog na: ,,Safolle blommen, moaie kaartsjes, allegearre cadeau’s, en kadobonnen, geweldich! In klant hie it útrekkene, yn al dy jierren hienen se achttûzend bôlen by ús kocht. Moai no? Soks is dochs prachtich?’’

In ruim vijftig jaar maakte Huizenga heel wat mee: ,,Yn it begjin hienen wy noch in oven dy’t op turven stookt waard, dêr haw ik noch trije jier mei wurke. Moai dat ik it meimakke ha, mar wat in ferskil makke de nije oven! Alles waard der better troch. In hiele foarútgong, we koenen folle bettere kwaliteit leverje. Yn ’84 of ’85 hawwe wy in grutte ontploffing hân. Minsken, wat gong dat mâl. De skoarstiennen leinen efter de skoalle, in swiere stielen doar foar de brander lei sa’n seis meter fierderop. Gelokkich wienen wy sels krekt efkes bûten en foelen der gjin slachtoffers, mar it wie in grutte chaos. De wetterlieding wie knapt fan de klap. Letter die bliken dat it oan de brander lei, dat type is letter ek ôfkard.’’

Het vroeg opstaan is gebeurd, Huizenga is er niet rouwig om. Integendeel: ,,Se sizze dat it wol went, mar in mins is der net op makke om altyd mar op sokke rare tiden op te stean. Dat ik no lizzen bliuwe kin, dêr kin ik wol oan wenne. Ik begûn moarns om kertier oer trijen, gong oant tolven troch, gong dan efkes in pear oerkes plat en dan wie ik der wer. Eartiids sútelen we ek noch, mar dat dienen we al jierren net mear. Besoargings rûn bringe noch wol.”

De twee hebben geen plannen hoe ze de dagen gaan vullen: ,,Sjoerdtje en ik binne 37 jier troud. It sil no al dreech foar my wurde, se sil wol allerhande putsjes foar my betinke. Dêr koe ik oars altyd wol aardich ûnderút, mar no net mear. En ik ha Ome Kees, de broer fan omke Wopke, myn búksprekpop. Ik mei graach wat gek dwaan, we moatte de humor der wat ynhâlde. Ik doch graach typetjes en mei graach wat ouwehoere op Facebook. We sille no de winkel goed skjin meitsje, we hawwe earst even in pear dagen hielendal neat dien. Efkes bekomme. Alles moat even hielendal skjin, as je der eltse dei yn wurkje, slagget dat net. Of ik it misse sil? It die my neat doe’t ik de oven foar it lêst út draaide. It hat moai west sa.’’

Suwarda Vis.