Martsje de Jong vertaalt Pippi Langkous naar het Fries

BITGUM Vijfenzeventig jaar nadat Astrid Lindgren de eerste belevenissen van Pippi Langkous schreef, zijn de verhalen nog net zo actueel. Toch waren de boeken van Pippi nog niet te lezen in het Fries. De Afûk vond dat daar verandering in moest komen en vroeg Martsje de Jong uit Bitgum deze taak op zich te nemen. De Jong ging met veel plezier de uitdaging aan om de omnibus te vertalen en over ongeveer een maand ligt het resultaat in de winkels.

,,It hat my fernuvere dat der noch gjin Fryske oersetting wie. Ronja de rôversdochter, in dochs minder bekend boek fan Astrid Lindgren, is jierren lyn alris oersetten. Ik fyn it geweldich dat ik hjir foar frege waard. Astrid Lindgren en Roald Dahl binne de skriuwers dêr’t ik grut mei wurden bin. Fjouwer jier lyn haw ik de Grutte Freonlike Reus – De GFR – fan Dahl oersetten. Dêrmei waard ik yn 2018 opnommen op de IBBY-honour list. Dat sei my earst neat, mar it wie in prachtige eare, IBBY stiet foar International Board on Books for Young people. Sy dogge in enoarm soad foar berneliteratuur. It wie foar it earst dat der in Fryske oersetter foardroegen waard, ik ha dêr doe foar nei Athene west. Nei dy nominaasje gong it hurd en it hat my in protte wurk opsmiten. Der kamen tal fan opdrachten binnen.’’

Vorig jaar vertaalde De Jong ‘Karlsson fan it dak’, eveneens van Lindgren. ,,Ik set de boeken oer út it Sweedsk, net út it Nederlânsk. Folle moaier, dan bliuwe je it tichst by de boarne. By in oersetting hast altyd in ferlies oan kwaliteit as’t twa slagen makkest. Moatst it orizjineel brûke, dan bist tichter by de auteur en tichter by de haadpersoanen. Frysk leit ek nochris tichter by it Sweedsk as by it Nederlânsk. It Sweedsk haw ik my jierren lyn eigen makke. Ik behearde doe tegearre mei Jacob Stelwagen in webside oer sportclub Heerenveen. We woenen it nijs altyd as earste bringe, der spilen doe in soad Sweedske spilers by Hearrenfean. Ik lies oer harren yn Sweedske kranten. Dochs is oersette wol efkes wat oars as in stikje yn de krante lêze. Mei Karlsson fûn ik it noch dreech, no mei Pippi gong it al better. Karlsson haw ik foar in grut part yn Sweden oersetten, ik wie dêr mei de bern op fakânsje en siet suver yn it ferhaal. It is dêr skreaun, it spilet him dêr ôf, yn dy houten huzen mei sa’n feranda derfoar. It wie ek handich, want ik koe sa no en dan wat freegje as ik der net út kaam. Pippi wie krekt foar de fakânsje klear, ek dizze simmer brochten wy yn Sweden troch. Hiel bysûnder fûn ik dat wy in wike yn it famyljehûs fan Marit Törnqvist trochbringe mochten. Har mem, Rita Verschuur, sette ferhalen fan Lindgren oer yn it Nederlânsk en rekke befreone mei har. Lindgren hat in protte yn dat hûs west, it hûs is noch krekt sa. It buro dêr’t se oan siet te skriuwen, de keamer; der is neat oan feroare. Geweldich dat ik dêr wêze mocht. Der is gjin tv, gjin wifi. Waanst dy yn de sfear fan doe.’’

Het had niet veel gescheeld of de wereld had Pippi niet gekend. ,,Pippi is fan alle tiden, se hâldt de wrâld in spegel foar. Doe’t Lindgren de ferhalen, dy’t se betocht hie foar har dochter, nei útjouwerijen stjoerde, woenen dy it net útjaan. Te anargistysk, te bot tsjin de gefestigde orde yn. Doe’t Lindgren yn 1946 by útjouwerij Rabén en Sjögren kaam te wurkjen, koe se it dêr útjaan, al moast se in noch al wat oanpasse. It wie fansels ek wol wat, sokke ideeën yn dy tiid!’’ vertelt Martsje, ,,It earste ferhaal is fan 1945! De ferhalen bliuwe sterk, hiel knap fan Lindgren.’’

De Jong vindt het belangrijk dat boeken als Pippi in het Fries verschijnen: ,,Je prate thús Frysk mei de bern en as se lyts binne, binne der noch wol wat foarlêsboekjes yn it Frysk te finen. Mar as se sels lêze wurdt dat al minder. As we it Frysk behâlde wolle, is soks al wichtich. Praat Frysk mei de bern, app mei elkoar yn it Frysk, it hoecht net sûnder flaters, mar dan brûk je wol de taal fan je hert.’’ De Jong kan nog wel even vooruit: ,,Lindgren hat in hiel soad moaie boeken skreaun. En sa krekt pipe myn tillefoan, Bornmeer, of’t ik De Gorgels fan Jochem Myjer oersette wol. Moai net?!’’

Suwarda Vis.