100-jarige Rienk Bakker: ‘Spitich dat it feestje net trochgean kin’

BITGUM Rienk Bakker uit Bitgum is vrijdag 100 jaar geworden. Burgemeester Marga Waanders heeft hem telefonisch de felicitaties overgebracht.

Rienk Bakker is geboren in 1920 in Stiens. ,,Hjir bin ik ek grut wurden. Nei de legere- en ambachtsskoalle gie ik as skildersfeint de wrâld yn. Ik fûn wurk yn Froubuorren en bleaun dêr fyftjin jier. Yn Froubuorren trof ik ek Eke Boersma. Sy wenne yn it Waling Dykstrahûs, dat doe in bakkery wie. De hiele oarloch hawwe we dêr meimakke. Yn april 1945 binne wy troud. Op oantrunen fan Eke ha’k myn festigingspapieren helle, sadat wy foar ússels sels begjinne koenen. We kochten, mei gjin sint yn ‘e bûse, in ienmanssaak yn Bitgum. Op 2 maart 1953 binne we dêr begûn mei it skildersbedriuw.’’

Een paar jaar later kwam er een winkel bij. ,,Eke hie dêr as bakkersdochter tige nocht oan. Wy ferkochten tritich jier lang behang, ferve en klompen.’’ Ze kregen er drie kinderen: een dochter en twee jongens, inmiddels zijn er vier pake- en zeven oerpakesizzers geboren.

,,Yn ús frije tiid gienen we der op út mei ús motorkruser, de Rispinge. Mei de Ljouwerter Meeuwen hawwe we trije kear oan de Alvestêdetocht meidien. Moaie dagen wienen dat. Wy hawwe de boat 29 jier hân. En we binne ek twa kear yn Kanada west, by in freondinne fan Eke.’’

In het maatschappelijk leven was Rienk actief in diverse functies. Zo was hij bestuurslid van het volksonderwijs, was hij secretaris en later voorzitter van de begrafenisvereniging en ook van de voetbalclub. Verder zat hij in commissies voor de ouderen, woningbouw en de Merkemoandei.

,,Eke is yn desimber 2015 ferstoarn, sy is 97 jier wurden. Wy binne santich jier troud west. Ik bin myn hiele libben eins nea siik west. Oan’t in pear moanne lyn rêde ik my sels noch bêst. Boadskipje, itensiede en waskje. Foarich jier ha ‘k myn rydbewiis noch foar fiif jier krigen. De sûnens giet no wat minder, de auto is fuort en it iten krij ik no thús besoarge. Mar mei help fan de thússoarch, de buorfrou en de bern rêd ik it noch wol efkes. It is spitich dat troch it firus it plande feestje net trochgean kin. We moatte der thús mar wat fan meitsje.”