‘It Hummelhonk’ behellet sertifikaat foar twatalich wurkjen

TSJOM

It wie tongersei feestop pjutte-opfang ‘It Hummelhonk’ fan Stichting Kinderopvang Friesland yn Tsjom. De lokaasje wurket sûnt it begjin fan 2016 mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Sy hawwe it sertifisearringstrajekt no ôfrûne en hawwe dat fierd mei ferskate aktiviteiten.

It sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ is oerlange troch de fêste foarlêspake Dhr. H. Ypma, dy’t troch de bern Pake fan Tomke neamd wurdt. Hy fertelde oer syn eigen pake- en beppesizzers, dy’t yn Brabân ek Frysktalich opfieden wurde.

Se begroetsje pake en beppe yn it Frysk en lizze dernei harren freonen út ‘dat opa en oma er zijn’. De bern hawwe in muzykwurkwinkel folge oer it tema Feest, en der waard drok muzyk makke en dûnse. Ta beslut kaam in poppekast fan Tomke. It wie in tige slagge moarn.

It Hummelhonk en twatalichheid

Pjutte-opfang It Hummelhonk falt ûnder Stichting Kinderopvang Friesland (SKF). Die organisaasje biedt ûnder oaren pjutte- en berne-opfang yn in grut part fan Fryslân. Mear as fyftich lokaasjes fan SKF wurkje mei in twatalich belied en tal fan lokaasjes binne al sertifisearre.

It Hummelhonk is fêstige yn CBS Staetlansskoalle. Yn harren eigen lokaal wurdt fjouwer moarnskoften yn de wike pjutte-opfang bean. It twatalich belied sjocht der as folget út: pedagogysk meiwurksters Annelies en Anneke prate konsekwint Frysk mei alle bern.

Der binne ek twa frijwillichsters yn Tsjom, wêrfan ien Frysktalich en ien Nederlânsktalich. Foar beide talen is omtinken by it aktiviteitenoanbod, lykas it foarlêzen en it sjongen. Troch de beide talen dúdlik fan elkoar te skieden, leare de bern de talen goed út elkoar te hâlden en kinne sy op lettere leeftyd bygelyks makliker in tredde en fjirde taal leare.

Der hat in saneamde fisitaasjekommisje by It Hummelhonk west te sjen. Der wurdt sjoen nei ûnder oaren it taalbelied, de taalomjouwing en it pedagogysk taalklimaat. De kommisje skriuwt ûnder oaren: ‘De hoeken yn it lokaal nûgje sa ta boartsjen út dat de (meast tige jonge) bern hielendal opgongen yn harren spul. Yn de ‘museumwinkel’ wie it faak drok.

In aardichheid om te sjen wie dat in famke langút op de matte yn de bouhoeke lei, mei in finger de plaatsjes op de matte folge en dêr fan alles by fantasearre. Yn de lêshoeke wie it tige gesellich.’ En: ‘Op It Hummelhonk ha de pjutten in feilich en tagelyk útdaagjend boartersplak. De liedsters ha in soad ûnderfining, binne tige talich en soargje foar in gesellige sfear. De fêste frijwillichsters wurkje dêr fansels ek oan mei.’

By it sertifisearringstrajekt krijt It Hummelhonk begelieding fan it SFBO, kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne rom 230 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.