Tryater spilet Elkenien is in prutser yn Frjentsjer

FRENTSJER

De nije foarstelling fan Tryater Elkenien is in prutser, spilet op woansdei 29 novimber om 20.15 oere by Meconaf BV yn Frjentsjer. Elkenien is in prutser giet oer de syktocht fan in generaasje (yn Fryslân), in foarstelling fan Sjoerd Blom, Romke Gabe Draaijer, Ira Judkovskaja, Raymond Muller, Eline de Vries en Brecht Wassenaar.

De akteurs steane – as fiif überprutsers mei harren eigen gepruts – symboal foar de syktocht fan in generaasje (yn Fryslân) dy’t de juste besluten nimme wol yn it libben. Gjin foarstelling is itselde. Ynjûn troch de dei, de lokaasje en it publyk, is elke jún in premjêre. Inkele sênes binne útwurke, fierder helje de spilers ynspiraasje út harren fantasy, libben, dreamen, ferwachtingen en eangsten. Begjin- en eintiid fan de foarstelling stiet fêst; wat der tuskenyn bart, is ôfhinklik fan it momint.

Wij zijn hier. Wij zijn nu. Wij praten Nederlands, Liwwadders en Frysk. Wy binne berne yn Fryslân. Wy binne tusken de 23 en 31 jier âld. Wy wenje net fierder as 50 kilometer by ús berteplak wei. Us heit en mem binne berne yn Fryslân. (De moeder van Raymond niet). Wy binne karnivoar (Brecht net). Wy hâlde fan silen (Brecht net). Wij hewwe allemaal een Facebook en een Instagram-account. Wy hewwe allemaal ‘n groanyske ziekte of un gebrek (Eline net). Wy wille ut goed doen. Wy wille de wereld begripe. Wy wille útzoome om de wereld te begripen. Wy snappen niet hoe as ‘t heelal werkt. Wy binne bang foar de dea (Sjoerd seit fan net). Wij weten wat we goed doen. Wij weten wat we verkeerd doen. Wy prutse. (Net as met deuze tekst). En as wy it net mear witte, dan tappe wy.

Elkenien is in prutser is in foarstelling fan Sjoerd Blom, Romke Gabe Draaijer, Raymond Muller, Eline de Vries, Brecht Wassenaar en Ira Judkovskaja. De foarstelling is makke mei tank oan de Friesche Balletschool, Peter Sijbenga, Remko Smids, Inès Sauer, Linda Eijssen, Marit de Weerd, Tjalling Wijnstra, in hiel soad oare prutsers en de rest fan ‘e wrâld.

Kaarten binne te keap fia theaterdekoornbeurs.nl en 0517-396363. Tryater spilet dizze hjerst ek Wat jo wolle. Sjoch foar in kombikoarting, alle ynfo, ekstra aktiviteiten en kaarten op Tryater.frl.


Auteur

Redacteur