Jonge FNP’ers organisearje Jûn foar Fryslân

BERLTSUM - Twa jonge FNP’ers organisearje op 15 maart yn Berltsum ‘De Jûn foar Fryslân’. De inisjatyfnimmers Sijbe Knol (28, Sint Anne) en Aant-Jelle Soepboer (29, Nijewier) wolle sa sjen litte dat it yn Fryslân noflik wenjen en libjen is.

Sijbe Knol: ,,Yn ’e Rânestêd wurdt gauris tocht dat it in deade boel is op it plattelân. Mar de regio’s binne libben as in hert. Fryslân hat in bloeiend ferieningslibben dat fan alles organisearret. Der binne oansprekkende eveneminten en prachtige tradysjes lykas karbidsjitten en optochten. Wy kinne hjir in hiel soad. Wat de minsken mei-inoar delsette, makket my grutsk.”

Mar guon tradysjes steane ûnder druk. Gemeentlike regeljouwing slacht somtiden troch, troch skaalfergrutting en it tinken yn gefaren, seit Soepboer. Hy rjochte dêrom it FNP-meldpunt foar bedrige tradysjes op. ,,Jo moatte minsken krekt eignerskip en ferantwurdlikens jaan’’, fynt Soepboer. “De Fryske doarpsmienskippen libjend hâlde, maatwurk leverje wêr’t dat kin!”

It meldpunt is ien fan de serieuze ûnderdielen fan de jûn yn diskoteek Sans Souci. Frijwilligers en organisaasjes fan eveneminten lykas de Biltske Lammetsymet en it Veenhoop Festival fertelle oer knyppunten, mar diele ek oplossingen mei de seal. Dêrnjonken is de jûn foaral in feest mei muzyk en wille.

Publykslûkers binne de jonge aktrise en presintatrise Sylvana IJsselmuiden  (Dumpert) en Johannes Rypma, dy’t de seal opwaarmje sil mei in konsert. De organisaasje ferwachtet folk út ’e hiele provinsje, dêrom wurdt foar dizze jûn de âlde tradysje fan it diskoferfier wer ynfierd.