Dammer Wiersma hâldt kopposysje

GAASTMAR - Ofrûne sneon waard it persoanlik kampioenskip yn it Frysk damjen fuortset op 'e Gaastmar mei de fjirde en fyfde omloop.

Mearfâldich kampioen Taeke Kooistra (Hartwert) moast fanwegen de gryp ôfsizze. Koprinner Jelle Wiersma ferskynde mei krukken efter it boerd, mar it die bliken dat syn holle noch wol ynoarder wie. Hiel dreech waard it him oars ek net makke.

Siebe Walinga joech de Wommelser in daam kado en dat pakte foar de Aldegeaster ferkeard út. De pleatslike favoryt Pieter Hoogterp ferbrûkte in soad tiid en koe dêrnei alle tûkelteammen dy't Wiersma him foarsette sagau net mear útrekkenje.

De iennige dy't Wiersma noch folgje kin is Marten Walinga. De Waaksenser hie syn oerwinning op Tjerk Wijbenga (Arum) gau binnen, mar tsjin de Ljouwerter Hein de Vries moast it ûnderste noch wol even út 'e kast.

Twadde acht

Yn 'e twadde acht lieten de koprinners Willem Schaap (Dearsum) en Bauke Dijkstra (De Tynje) stekken falle, sadat de feteraan Kees Tijssen no ynienen allinnich boppeoan stiet. Yn 'e twadde acht kinne Sjoerd Couperus (Snits) en Cor Kooistra (Nijlân) de promoasje al hast net mear ûntrinne, ek al liet Kooistra it raar sitte tsjin de Jorwerter Siebren Dyk.

Oare wike is de finale fan it kampioenskip yn Aldegea SWF.

Utslach en stân

fjirde omloop: Siebe Walinga (Aldegea SWF) - Jelle Wiersma (Wommels) 0-1, Pieter Hoogterp (De Gaastmar) - Henk Haanstra (Aldegea SWF) 1-0, Hein de Vries (Ljouwert) - Taeke Kooistra (Hartwert) útsteld, Tjerk Wijbenga (Arum) - Marten Walinga (Waaksens) 0-1; fiifde omloop: Wiersma - Hoogterp 1-0, Haanstra - S. Walinga 1-0, Kooistra - Wijbenga útsteld, M. Walinga - De Vries 1-0.

Stân: Wiersma 5-4,5; M. Walinga 5-4; Haanstra 5-3; Hoogterp 5-2,5; Wijbenga 4-2; Kooistra 3-1,5; S. Walinga 5-0,5; De Vries 4-0.

fjirde omloop: Bauke Dijkstra (De Tynje) - Willem Hoekstra (Aldegea SWF) 0,5-0,5, Liuwe Westra (Lollum) - Sjoerd Jan Bakker (Snits) 0,5-0,5, Willem Schaap (Dearsum) - Folkert Groenveld (Jutryp) 0-1, Fedde Wiersma (Easterein) - Kees Tijssen (Reduzum) 0-1; fiifde omloop: Hoekstra - Westra 1-0, Bakker - Dijkstra 1-0, Groenveld - Wiersma 1-0, Tijssen - Schaap 1-0.

Stân: Tijssen 4; Dijkstra, Groenveld en Schaap 3; Hoekstra 2,5; Bakker 2; Westra 1,5; Wiersma 1.

fjirde omloop: Siebren Dyk (Jorwert) - Dicky van der Meer (Terherne) 0,5-0,5, Frans Kingma (Jorwert) - Cor Kooistra (Nijlân) 0-1, Ype Boelens (Menaam) - Piet Sikma (Hartwert) 0,5-0,5, Klaas Wiersma (Nijbeets) - Sjoerd Couperus (Snits) 0-1; fiifde omloop: Van der Meer - Kingma 0,5-0,5, Kooistra - Dyk 0-1, Sikma - Wiersma 0-1, Couperus - Boelens 0,5-0,5.

Stân: Couperus 4,5; Kooistra 4; Dyk en Sikma 2,5; Boelens, Van der Meer en Wiersma 2; Kingma 0,5.