Toanielselskip It Sil Heve spilet In frjemde fûgel

SKINGEN SLAPPETERP - Toanielselskip It Sil Heve út Skingen-Slappeterp spilet sneon 23 febrewaris om 20.00 oere en sneontemiddei 2 maart om 14.00 oere mei tsjerklike gemeente Rie-Skingen de klucht In frjemde fûgel yn doarpshûs Op Healwei yn Skingen.-Slappeterp.

It stik is skreaun troch Peter Damen en yn it Frysk oersetten troch Jikke de Haan. Dêryn is Arend-Jan in fanatike fûgelman en praat oars net as oer fûgels. Op in dei rint er de fleurige Merel ûnderstboppen dy’t dêrby har ankel ferstûket.

Hy fielt him skuldich en nimt har mei nei hûs. Mar Merel sjongt in oare taal dan dat de famylje wend is. Doch dêrby in notaris dy’t min nijs bringt, in beppe, in butler dy’t mear each hat foar de drank en de buorfrou en it stik is kompleet.

Kaarten kinne besteld wurde by Tineke Roest (0518-452061) of fia de mail tinekeroest868@gmail.com