Hjirris spilet muzyk út de jierren 60 en 70 op Winterjûnenocht

Bitgum - Yn de Martinustsjerke yn Bitgum is sneon 26 jannewaris in Winterjûnenocht, de jûns fanôf 20.00 oere.

Dizze jûn spilet de retroband Hjirris. Alle âlde muzyk fan ferskate groepen lykas The Beatles, Hollies, Rolling Stones, Eagles, The Band en folle mear sil dizze jûn oan bod komme. Nostalgy út de jierren 60 en 70.