2018 was een gouden jaar voor kaatser Allard Hoekstra

FRANEKER - Allard Hoekstra, 23 pas, vertelt over zijn passie voor kaatsen en wiskunde en het grote respect voor zijn mem.

,,Dit is dyn dream, dêr wolst stean. En dan ynienen bist de kening… In prachtige en ûnferjitlike erfaring. Doe’t ik woansdei 1 augustus wekker waard, hie ik nea tocht dat ik oan de ein fan de dei PC-winner wêze soe. As ik ea de PC winne soe, dan soe it mei in pear jier wêze, as ik sels by de echte top hearre soe. Op dizze wize winne, sokke grutte nammen ferslaan, dat makket it noch spesjaler. Thomas en Peter van Zuiden en ik hawwe de PC as in echt team wûn. Mar doe’t myn namme neamd waard as kening, ik de keningsbal om krige en my omdraaide nei it publyk op it fjild, dat wie in wier pikefelmoment.’’

Allard Hoekstra kan terug zien op een bijzonder jaar met als groot hoogtepunt het koningschap op de PC. Het Sjûkelân was van hem, vier keer kaatste hij er afgelopen jaar, waarvan de jonge Franeker driemaal met de krans en de koningstitel naar huis ging (de PC, de Zachte bal PC en AD Nachtkaatsen) en eenmaal met de premie (v.f. Hoofdklasse).

Een paar jaar geleden werd Hoekstra nog te licht bevonden voor het partuur van Franeker, nu is hij nog maar een stap verwijderd van het klavertje vier. Naast sportief succes was er ook een persoonlijk hoogtepunt, Hoekstra verliet het huis waar hij opgroeide met mem Francien en zus Christa om samen te gaan wonen met vriendin Samanta.

Het begon in Wjelsryp

,,Ik bin in echte Frjentsjerter, bin hjir berne. Doe’t ik in jier as fiif, seis wie, binne we ferhúze nei Wjelsryp. Dêr bin ik yn oanrekking kaam mei it keatsen. Der wie feest yn de tinte en op it fjild waard keatst. Myn âlden seine ‘gean do mar keatsen, wy gean nei it feest yn de tinte.’ Dat haw ik dien en ik fûn it fuortendaliks leuk, hie in goed balgefoel. Ik pakte wat pryskes op ledepartijen mar wie in soarte fan ivige twadde. Ik mocht as balkearder mei nei it Nederlands Kampioenschap foar pupillen mei Jelle en Pieter Sybren Scharringa. De finale ferlearen we mar krekt mei 5-5 en waarden twadde, mar wat in prachtige ûnderfining. It smakke nei mear en sa begûn myn keatskarrière. Ik gong faker fuort te keatsen en pakte wol gauris in pryske. Dat wie yn de B-klasse, mar dat makke my neat út. Ik hie der nocht oan.’’

Achternaam

Na een aantal jaren Wjelsryp strandde het huwelijk van zijn ouders en keerde Hoekstra in 2005 met zijn mem en zus terug naar Franeker. In 2010 veranderde Allard Hoekstra, die tot dan toe Allard Nicolai heette, zijn achternaam: ,,Dêr bin ik noch altyd hiel wiis mei, ik fyn it ek hiel moai dat myn namme op dizze wize yn de boeken komt. Myn mem wie der altyd foar ús, nei de skieding wie se heit en mem tagelyk. Ik haw in protte respekt foar hoe’t se it libben wer op pakte nei dy mindere tiid. Myn heit wie en is der net foar ús, sûnt 2009 haw ik gjin kontakt mear mei him. Oan him haw ik gjin goeie herinnerings, allinnich in byld fan hoe’t ik net wurde wol.’’

Onverslaanbaar partuur

In Franeker kwam hij bij Jan Bogtstra in een partuur met Christian de Haan en Kars Zeinstra. ,,Dat waard in gouden partoer. We pakten genôch prizen, mar op de NK’s slagge it krekt net om de winst te pakken. Twadde op de pupillenbond en de skoaljongesbond. Yn 2011 waarden we tredde op de Freule, de kâns op in finaleplak waard ús ôf naam. Op 5-5, 6-6 joech de man op de foarline oan dat de bal oan west hie wer troch de lêste bal in sitbal waard yn stee fan in keats.

Eltsenien wist dat dit in foute beslissing wie en dat waard letter ek troch de skiedsrjochter konstateard. Dêr troch wûn Seisbierrum-Pietersbierrum fan ús, sy wûnen ek de finale. It jier dernei wienen wy net te ferslaan. Alle ôfdielingspartijen oant de Freule ta wûnen we, dermei wienen we favoryt foar de Freule.

Myn omke Oege sei al tsjin guon ‘Myn omkesizzer sil dit jier de Freule winne.’ Derop reagearde ik dat er dat net te lûd roppe moast, it moast allegearre noch mar. Sjochst sa faak dat de favorieten de wichtigste wedstriden net winne. Mar it kaam goed, yn de finale ha we Makkum ferslein en wie de winst op de Freule in feit. Uteinlik hawwe we yn 2012 alle tolve ôfdielingswedstriden wûn, ynklusief de Freule en de Jongensbond.’’

De grutte mannen

De Haan en Zeinstra hingen al vrij snel de kaatswant aan de wilgen, Hoekstra niet. Hij trainde in die jaren bij de KNKB en bij de kaatsschool van Peter Rinia. ,,Dêr wie Cornelis Terpstra myn trainer. Nei de Freule waard der net mear traind en dat fûn ik spitich. Doe sei Cornelis dat ik wolris mei him mei traine koe. Stie ik ynienen tusken haadklassekeatsers as Marten Feenstra en Folkert van der Wei, dat wie wol even wat oars.’’

Toen Hoekstra in de trainingsgroep van Jan Hospes terecht kwam maakte hij een grote ontwikkeling door en zette grote stappen in de goede richting: “Jan hat my nei in heger level tilt.”

Hoekstra kon zich in alle rust verder ontwikkelen: ,,De eagen wienen net sa op my rjochte, ik wie in ûnbekende yn de keatswrâld. Ik kom net út in keatsfamylje.’’

Tegenwoordig zijn de ogen meer op de Franeker kaatser gericht. Hoekstra won met Franeker in 2014 (met Kars Zeinstra en Jan Schurer) en 2016 (met Djurre Seerden en Marco de Groot) de Jong Nederlandpartij. In 2015 pakte hij met Thomas van Zuiden en Hendrik Tolsma een derde prijs op de PC, in 2017 werd hij eveneens derde met Hendrik Tolsma en Sjoerd de Jong en won hij de Jong Feinte partij.

Bondspartij

Na de jongenscategorie stond Hoekstra al snel op eerste klaspartijen. ,,De partoeren feroaren wol gauris, elke cyclus oare maten. Ik hie altyd wol in leuke maat, hie it nei it sin en kaam der al gau goed tusken. Doe’t René Anema stopte, waar ik frege troch Thomas van Zuiden en Hendrik Tolsma. In moaie stap, ik kaam doe aardich yn de top fan de earste klas te keatsen. No keatse we langer mei itselfde partoer, dat fielt goed foar my.’’

Zeker is dat Hoekstra voorlopig nog niet uitgekaatst is: ,,Ik bin gek fan it spultsje, zachte bal leit mei ek goed en fyn ik ek hartstikke leuk. Ik besykje elts jier de wike fan it Lanen-keatsen yn Harns frij te krijen. De zachte bal PC is ek in geweldich evenemint. In pear jier lyn waard ik passeard foar it ôfdielingspartoer, ik stie net op de bûnspartij. Doe bin ik op de Telegraaf sitten gien. Waard my troch guon frege ‘Wat dochst dêr? Doe hearst yn it fjild te stean.’ Ach, ik woe der dochs by wêze, fyn it ek gewoan leuk om te sjen.’’

Hoekstra hoopt alsnog een kans te krijgen de bondspartij te winnen, het zou het klavertje vier compleet maken.

Wiskunde en kaatsen

Zijn tijd verdeelt hij tussen kaatsen, lesgeven in de sportschool en zijn studie tot wiskundeleraar. ,,Dat is úteinlik myn passie, it oerbrengen fan kennis. Dat jout my foldwaning, sjen hoe’t it kwartsje falt by in learling as se wiskunde ynienen snappe. Dat is sa moai om te sjen. Bûten myn stúdzje en it keatsen wurkje ik in pear dagen yn de wike by Bewegingscentrum Leeuwarden yn de sportskoalle. Der moat fansels ek wat fertsjinne wurde. Mar de top helje by it keatsen en wiskundelearaar wurde, dat binne dochs wol myn grutste passies.’’