Wjelsryp, Jorwert en Mantgum nominearre foar bêste Fryske doarpssjoernalistyk

Wjelsryp -  Alle jierren skriuwt de gemeente Littenseradiel in wedstryd út foar de bêste Frysktalige bydrage oan de 'doarpssjoernalistyk'. In karkommisje nominearret trije stikken foar de priis.

Diskear komme de nominearre artikels út doarpskranten Ut ’e Buorfinne fan Wjelsryp, De Hiele Toer fan Jorwert en Mandeguod út Mantgum. Op de gemeentlike Nijjiersresepsje op moandei 2 jannewaris sil boargemaster Johanneke Liemburg de winner bekend meitsje. De karkommisje De ‘Karkommisje Frysktalige doarpssjoernalistyk Littenseradiel’ dy’t alle bydragen besjoen hat, bestiet út Gerrit Hoekstra út Winsum, Margriet Groenveld út Hidaard en Sjoerd Bottema út Weidum. De sjuery hat lang lêzen en fergadere en doe trije stikken nominearre. De nominearren De trije stikken dy’t nominearre binne foar de priis binne ‘De Stienmurd’ út Ut ‘e Buorfinne fan Wjelsryp, ‘Dweilstik’ út De Hiele Toer út Jorwert en ‘Teater en Liturgy’ út Mandeguod út Mantgum. Foar doarpskrante Ut ‘e Buorfinne út Wjelsryp is it de earste kear dat se nominearre binne. Doarpskrante De Hiele Toer út Jorwert wûn yn 2012 de priis en wie it jier dêrop wer nominearre; yn 2015 krigen se de tredde priis. Doarpskrante Mandeguod út Mantgum wie yn 2011 ek nominearre, yn 2013 wûnen se de earste priis en yn 2015 de twadde priis. Prizejild It prizejild fan  500,00 euro wurdt ferdield oer de trije nominearren. De winner fan de earste priis krijt in jildbedrach fan  250,00 euro, de twadde priis is 150,00 euro wurdich en de tredde priis 100,00 euro. It jild is net foar de skriuwer fan it stik mar foar de krante, om sa de kwaliteit noch fierder ferbetterje te kinnen.