Klaas Elgersma komt mei debút-roman ‘Koartsluting op it Swynserhûs’

STIENS By de KFFB ferskynt 19 april de roman ‘Koartsluting op it Swynserhûs’, fan de Stienzer skriuwer Klaas Elgersma.

It is in ‘dokumintêre roman’ dy’t sjen lit hoe’t Haije en Emkje Elgersma-Hofman op harren pleats ‘It Swynserhûs’, fier op ’e romte oan de Stienzer Feart yn it Britsumer Aldlân, tsjin wol en tank hieltyd mear belutsen rekken by de oarloch. It begûn mei in evakué, dêrnei moast immen ‘efkes út ’e wei’, it plak wie tige gaadlik om klandestyn te slachtsjen, de soannen fan it boer en boerinne moasten ûnderdûke foar de Arbeitseinsats en lang om let wurde minsken fan it Falsifikaasjeburo en út de top fan it Fryske ferset op de pleats fersidebrocht. Wilens wurdt in Dútske legeroffisier ynkertiere by de húshâlding en wurdt boer Haije Elgersma ferplichte om foardere hynders yn it lân te hawwen.

‘En wy dan?’ Emkje spatte fûl op en gie fuort yn it gewear. ‘Hoe sit it dan mei de libbens fan ús en ús bern?’ kaam se him op it moed. ‘Moat dit lân befrijd wurde, mar meie har ynwenners wol slachtoffere wurde?’

‘It giet mei dy stjoerder noch mar om ien kear, dat sil wol goed komme,’ makke Haije in ein oan de diskusje. Syn frou frou wie poerrazend op him en luts de doar hurd efter har ticht.

Yn ‘Koartsluting op it Swynershûs’ giet it net oer moedige fersetsdieden, it draait net om heroyk, mar om de spanning dy’t al dizze ûntwikkelingen bringe binnen it gesin Elgersma en dan benammen tusken boer en boerinne, dy’t beide it bêste wolle, mar dy’t de rezjy yn dizze fiif jier finaal kwytreitsje. Man en frou ferstean inoar net mear en benammen boerinne Emkje hat slim te lijen fan de druk dy’t de situaasje op it Swynserhûs mei him meibringt.

Skriuwer Klaas Elgersma (1952) is pakesizzer fan Haije en Emkje Elgersma. ‘Koartsluting op it Swynserhûs’ is syn debút.

De KFFB is de Kristlik Fryske Folks Bibleteek, de iennichste Fryske boekeklub. De klub het sa’n 1000 leden en bringt elk jier meardere boeken út.