Hein Jaap Hilarides houdt de geschiedenis levend

SINT JACOBIPAROCHIE Afgelopen week verscheen het boek ‘Beppe Xenia’ van Hein Jaap Hilarides, het tweede deel van een trilogie waarvan eerder het derde deel al verscheen. Deel één gaat Hilarides nog schrijven. Voor de trilogie deed de schrijver jaren onderzoek en hoorde hij indringende verhalen over de oorlog, die hij in dit deel verwerkte. Die verhalen mogen wat Hilarides betreft niet verdwijnen.

,,No’t der sprutsen wurdt oer in jûnsklok, wurdt der wol sein ‘it liket wol oarloch’, mar de tiid fan no meie we net mei de oarloch fergelykje. It wurdt my hieltyd mear dúdlik dat alle minsken dy’t de oarloch mei makke ha, beskeadige binne”, vertelt Hilarides. ,,Yn 2009 bin ik begûn mei it sammeljen fan ynformaasje. Ik woe it ferhaal skriuwe fan in fiktieve famylje Wassenaar oer in tiidsbestek fan 500 jier. It ferhaal spilet him ôf hjir, op de kavel wer’t ik wenje, mei wiids útsicht oer it Bilt. De kavel waard koartlyn noch troch myn heit, in bouboer, brûkt om jierpels en sa te telen. In protte minsken hjir hjitte Wassenaar. Elts kin wol ien dy’t sa hjit. It twadde diel, wat no útkaam is, giet oer beppe Xenia. Se is grutbrocht yn Slovenië, hat dêr boeresoan Freek Wassenaar kinnen leard en mei him is se nei Fryslân kaam. Se trouden yn 1933, it jier dat Hitler oan de macht kaam yn Dútslân. Yn it begjin fan de oarloch rint Xenia in âlde leafde tsjin it liif dy’t yn Nederlân wurket foar de SD. De moeting mei dy man, Dietrich, sil it libben fan Xenia en Freek bot yn ûnstjoer bringe.”

In mei 2017 verscheen het derde deel van de trilogie, ‘De trekker van Troje’. ,,Ik bin begûn mei de tiid fanôf 1990 oant no. Dat boek giet ûnder oaren oer de boere-aksjes fan doe yn De Haach, Ljouwert en Brussel. Lykas no gongen de boeren doe ek op paad mei harren trekkers. It belied fan de Europeeske Uny bedrige de boeren yn harren fuortbestean. Yn dat boek giet it oer de twilling Friso en Hero Wassenaar. Friso en Hero binne pakesizzers fan Freek wer’t it nije boek oer giet. Sy stride foar autonomy fan Fryslân. Boppedat falle se foar deselfde frou, Andrea Kalma. No’t it twadde diel klear is, wol ik mei it earste diel fan de famyljekronyk oan de slach. Dat diel begjint mei de ynpoldering fan it Bilt en rint troch ta de ein fan de 19e ieu, de tiid fan Broedertrouw. Dêr ha ik al in protte oantekeningen foar makke troch de jierren hinne. Ik ha bygelyks in famyljeboek fan de echte famylje Wassenaar as boarne brûkt. Fassinearjend hoe ryk de minsken doe libben. Net mei jild, mar mei wat se oan iten hienen yn hiel Fryslân. Fryslân wie doe al bekend fanwege de suvel.”

Een deel van zijn informatie haalde Hilarides uit Slovenië: ,,Der wie in útwikselingsprogramma foar minderheidstalen yn Slovenië. Dêr mocht ik hinne. De bedoeling wie wol dat je wat mei dat lân dienen. Myn plan wie dat in Sloveenske frou mei in Nederlânske boer troue soe. In protte minsken woenen leaver net prate oer de oarloch, mar ien frou fertelle my in hiele protte. Slovenië hat bot te lijen hân yn de Twadde Wrâldoarloch. Wat dy frou fertelle, haw ik yn it boek brûkt yn de foarm fan brieven fan de sus fan Xenia. De Dútsers woenen it lân ferdútse en dienen dat mei hurde hân. Je sykje nei in ferhaal, yn myn gefal dy tiid fan de oarloch. Wa is goed, wa is ferkeard? Dêr sikest personaazjes by. De dilemma’s dy’t ik hearde yn de ferhalen en lies yn myn ûndersiken, dy haw ik beskreaun.”

,,De ôfrûne tiid haw ik in soad dwaande west mei ‘De kraak van de kluis’, it ferhaal oer in groep jonge manlju dy’t yn de oarloch striden foar ús frijheid. Nei oanlieding dêrfan binne der in hiele protte ferhalen nei boppe kaam. Hiel wichtich, want we witte noch fierstente min fan wat der allegearre spile. Dan besef je ek yn wat foar frijheid wy no libje, wat giest dwaan as dy frijheid dy ûntnaam wurdt? We binne no dwaande mei in edukatyf programma foar skoallen. De kreak is ek beskreaun yn ‘Beppe Xenia’. De ferhalen binne nei boppe kaam doe’t ik mei myn ûndersiken dwaande wie. Der is my wol frege ‘In boek oer de oarloch, moat dat no noch?. Ja, dat moat al. As je hearre hoe’t in protte minsken doe harren libben jûn ha foar de frijheid, dat moat trochferteld wurde en mei net ferjitten wurde.”

Suwarda Vis.