FNP Waadhoeke pleit voor ‘briedplak’ voor jonge ondernemers

FRANEKER - Waadhoeke heeft in de Kadernota 2021-2025 2 miljoen euro gereserveerd voor een Ontwikkelfonds. De FNP vindt dit een goede zaak en pleit voor een ‘briedplak’ voor getalenteerde jonge ondernemers.

FNP-raadslid Gea Iedema: ,,Fryslân fergrizet yn rap tempo en jonge minsken sykje nei har oplieding it wurk faak bûten ús provinsje. De FNP wol dat proses omkeare en ús jongerein hjir in takomst biede. Neffens in analyse fan Kees Stob, direkteur fan Public Result, moat Waadhoeke ynsette op fjouwer tema’s: talint oanlûke en fêsthâlde, ynnovaasje, it festigingsklimaat fersterkje en ek tûker gearwurkje ek mei oare regio’s. It giet hjir om ûndernimmerssin – ien fan de wearden dy’t de FNP heech yn it findel hat.’’

De FNP wil nu dat het college over een half jaar concrete plannen presenteert zodat in 2021 een begin kan worden gemaakt met het inrichten van zo’n briedplak voor start-ups.

,,Dizze jonge ûndernimmers moatte mei in startkapitaal stipe wurde, sadat harren ideeën oer ynnovaasje foarm krije kinne. Glêstúnbou en IT, toerisme en de agri-sektor binne foarbylden om it duorsum ûndernimmen fierder te ûnwikkeljen. Oerheid, ûndernimmers, ûnderwiis en de ferskillende brânsjes sille de ferbining sykje moatte om dizze plannen hannen en fuotten te jaan.’’

Kosten gaan voor de baten, stelt Iedema. ,,Wurkgelegenheid is foar alle sektoaren yn Waadhoeke lykas wenningbou, ferienigingslibben, kultuer fan krusiaal belang. Krekt yn dizze tiid fan corona moatte wy net op de rem traapje, mar gas jaan om ek yn de takomst in leefbere gemeente Waadhoeke te bliuwen.’’