Taeke Triemstra: ‘Sjen hoefier we takom jier komme’

SINT JACOBIPAROCHIE - Veel kaatsers stoppen als ze een jaar of dertig zijn. Zonde volgens Taeke Triemstra, dan zijn ze juist op hun top en komen de mooiste jaren nog.

Triemstra is nu 37 en heeft nog lang niet genoeg van het spelletje: ,,Sa lang ik noch win, fyn ik it leuk, ik kin min oer myn ferlies.’’ Hij knoopt er nog een jaar aan vast en hoopt nog hogerop te komen in het klassement aller tijden, waarin hij nu derde staat.

,,Ik lei noch yn de bernewein doe’t ik al mei gong nei it keatsfjild, ús heit keatste ek. Mar ik wie de wykeinen ek in hiele protte by beppe Jantsje Hoitinga-van der Meer. Pake Taeke, dêr’t ik nei neamd bin, wie krekt stoarn. Ik wie graach by beppe, sy wenne op in pleats, dêr wie ik ek in soad mei in baltsje oan it boartsjen. Mei beppe hie ik in spesjale bân, se is yn 2013 stoarn, se is 90 jier wurden. Se hat my in soad stipe, se kaam faaks by myn wedstriden te sjen doe’t ik jong wie. Letter net mear, de haadklasse fûn se te spannend.’’

Freule

,,Doe’t ik fiif jier wie, wûn ik foar it earst in pryske. Ik hie wol gefoel foar balsporten en fûn alle sporten leuk, tennis, fuotbal, keatsen. Yn’e jeugd haw ik nea in NK wûn, we hienen gjin knap ôfdielingspartoer yn Sint Jabik. De Freule haw ik wol wûn, yn myn tredde jier yn 1999, tegearre mei Willem Veenstra wer’t ik in beste maat oan hie en mei Douwe Hogenhuis. Douwe wie balkearder en ferbaal tige oanwêzich, dêr hat er ús doe mei út de wyn hâlden. We wienen favoryt mei Berltsum. Yn’e finale stienen we tsjinoer elkoar, Berltsum mei Hendrik Sjoerdsma, Bauke van der Graaf en Marten Feenstra. We wûnen mei 5-5, 6-4, wat in dei. Peter Rinia hat ús doe in oantal keren traind foar de Freule, neist ús fêste coach sûnt de welpen Lyckele Brunia, dat hat wol fertúten dien.

Hoofdklasse

Het grote talent van Triemstra bleef niet onopgemerkt en de jonge kaatser uit Sint Jacobiparochie stond al gauw op de hoofdklasse. Een jaar na de zege op de Freule stond hij als zeventienjarige voor het eerst op de PC: ,,Dêr hie ik hielendal net op rekkene. Myn eigen partoer wie ôfwiisd, op’e snein foar de PC hearde ik fan Henk Vlietstra en René Janse dat se my mei ha woenen. Wie ik der dochs samar by! Ik keatste lekker dy dei en we pakten de tredde priis. We hawwe mannen as Simon Minnesma, Kor Zittema en Douwe Groenendijk ferslein, nammen wer’t ik by op seach.’’

Vanaf 2001 is Triemstra verzekerd van een plaats op de hoofdklasse. In 2006 wint hij voor het eerst de PC, samen met Johan van der Meulen en Kor Zittema. Triemstra wordt gekozen tot koning. Vanaf dat jaar draait hij mee in de top. Tot nu toe won Triemstra vijf keer de PC (in 2006, 2007, 2010, 2011 en 2015), werd acht keer derde en vier keer tweede.

Blessureleed

In 2014 komt Triemstra nauwelijks aan kaatsen toe, hij wordt geplaagd door een schouderblessure. In september wordt hij daaraan geopereerd en in 2015 staat hij er weer. In 2017 openbaarde zich bij Triemstra de ziekte van Bechterew, een vorm van ontstekingsreuma. ,,Ik hie bot lêst fan’e heup, de húsarts wist net wer’t it fan kaam. It keatsen woe net, ik foel ferskate kearen út. In kollega sei tsjin my ‘Is it gjin reuma?’ Ik bin wer nei de húsarts gien en haw him dy fraach steld. Doe gong it baltsje roljen en bedarre ik by de reumatoloog. Earst krige ik in medisyn wer’t ik allinnich mar minder fan waard. Dernei socht ik it yn it alternatieve, mar dat holp ek net. No haw ik in oar medisyn en giet it gelokkich poerbest.’’

Klassement

Sinds elf jaar kaatst Triemstra samen met Gert-Anne van der Bos, de laatste drie jaar vormen ze een partuur met Tjisse Steenstra, daarvoor met Daniël Iseger. ,,Ik ha fijne maten, kin op se bouwe. We hawwe in goeie klik en stean der itselfde yn. Alle trije hawwe we alles foar it keatsen oer. Dat wie mei Daniël ek sa. We winne in soad, hearre by de beste partoeren, dat makket it ek moai om troch te gean. As ik in soad ferlieze soe, soe de aardichheid der gau ôf wêze, ik kin min oer myn ferlies. De PC hawwe we net wûn, mar fierder kinne we werom sjen op in prima jier. Ik bin nei it tredde plak klommen yn it klassement aller tijden, dat fyn ik moai, dat soarget ek wer foar de útdaging dêryn sa fier mooglik te kommen.

Puur Passie regelt alles foar ús, dat is hiel noflik. We benaderje it wol as topsport, mar keatsen is wol in pure amateursport. We hawwe der allegearre ús wurk neist. Puur Passie regelt sponsoren, trainers, trainingsromte en gean sa mar troch, wy wurde ‘ontzorgd’. Ik wurkje as haad planning en organisaasje by Hellema yn Hallum en bin bliid dat ik dy dingen sels net hoech te regeljen.’’

Gezin

Triemstra ziet zich gesteund door zijn gezin. Oudste dochter Lieke treedt inmiddels al in de voetsporen van haar vader. ,,Myn frou Gerdien hat my altyd myn gong gean litten mei it keatsen, der bin ik hiel bliid om, oars hie ik noait sa fier kaam. No begjint Lieke wat te keatsen en se docht oan turnjen. As skylk ien fan ús famkes fuort sil te keatsen of te turnjen of sa, doch ik in stapke werom om har de romte te jaan, oeral mei har hinne te gean. En dan miskien yn it bestjoer hjir yn Sint Jabik, moaie wedstriden organisearje. Mar sa fier is it noch net, ik sjoch alwer út nei it keatsseizoen. Sjen hoe fier we takomme jier komme kinne!’’

Tekst: Suwarda Vis