Kaatsmuur op palen geopend in Menaam

MENAAM – De Menamer kaatsers kunnen sinds enige tijd gebruik maken van de fraaie kaatsmuur op het veld. Vrijdag is de muur feestelijk geopend door wethouder Caroline de Pee. Bijzonder aan de muur in Menaam is, dat er zestien heipalen nodig waren voor de fundering, de grond onder de voeten van de Menamers bleek minder stabiel dan verwacht.

,,It hat hiel hurd wurkjen west, we binne hiel grutsk dat it der no stiet,’’ zo begon Annet de Roode, voorzitter van VvV Menaem, ,,De keatsmuorre kommisje hat harren talinten yn setten, we hawwe gjin wanklank heard, No stiet hjir in prachtige muorre, Miranda Scheffer is in grutte namme yn it muorrekeatsen, sy groeide op yn Menaam sûnder keatsmuorre. Hjoeddeiske talinten kinne no yn eigen doarp de muorre brûke en it helpt ek by it fjildspul, sneller fuottewurk en de beide hannen brûke. Selma van der Wal is ien fan dy talinten, sy hat al in NK wûn.’’

Ate Bierma vertelde namens de commissie over de tot stand koming van de muur: ,,Twa jier lyn binne we begûn. Ynformaasje frege by de buerdoarpen, in kompleet plan skreaun mei alle kosten en dat hawwe we nei fondsen stjoerd. Subsydzje oan freegje wie in grutte útdaging, dat wie lestich te krijen. We gongen oer nei in oare gemeente, Waadhoeke moast noch in sportbelied op stelle. Fan riedslid Hendrik Terpstra hawwe we in protte stipe krigen. Yn novimber 2018 hienen we in pot mei jild en konen we los. Mar doe die bliken dat de grûn net sa stabiel wie as dat we tochten. Pas op sân meter djipte, fielden we wjerstân. Sechstjin peallen de grûn yn en doe in fundearinsgplaat. Dernei gong it hurd en stûn de muorre der yn in pear wike.’’

,,Echt een buitensport en ook een ongeorganiseerde sport. Wat mooi dat je hier zo naar toe kunt om een balletje te gaan slaan. Naar sporten op deze manier is steeds meer vraag. Ik begrijp dat er daarnaast ook dorpentoernooien komen.’’ Zo roemde wethouder Caroline de Pee de kaatsmuur.

Aansluitend vroeg ze raadslid Hendrik Terpstra erbij om samen met het doorknippen van een lint de muur te openen.

Internationaal

Simon Minnesma, tegenwoordig woonachtig in Dronryp maar als Menamer winnaar van de PC, gaf uitleg over de regels van het muurkaatsen. ,,Einliks bin ik wol in bytsje jaloers… Menaam hat no in moaie keatsmuorre, Dronryp hat noch net in muorre.’’ Minnesma vertelde dat muurkaatsen op veel plaatsen in de wereld gespeeld wordt: ,,Het is hiel ynternasjonaal. België, Spanje, Ierlân, Súd Amearika, oeral spylje se dit. We sjogge dat de Nederlânske muorrekeatsers hieltyd better wurde. Dêr helpe keatsmuorren fansels tige by.’’ De jonge kaatsters Selma van der Wal en Jelly Hiemstra lieten zien hoe het spel gespeeld wordt.

,,No begjint it pas,’’ aldus Johannes Siegersma van het hoofdbestuur van de KNKB, ,,Der binne sûnt 2012 in hiele protte muorren by kaam. No moatte we soargje dat se brûkt wurde. Dat de sport fierder groeit.’’