Sijbe Knol (27) op tredde plak provinsjale kieslist FNP

SINT-ANNE

De 27-jierrige Sijbe Knol fan Sint-Anne stiet op it tredde plak op de list foar de ferkiezings fan Provinsjale Steaten yn maart 2019.

Hy is sûnt jannewaris riedslid yn de gemeente Waadhoeke en set him dêr benammen yn foar leefberens. De adfyskommisje hat Knol op in ferkiesber plak set omdat hy as in jong talint sjoen wurdt. Op dit stuit hat de FNP fjouwer sitten yn Provinsjale Steaten.

Deputearre Johannes Kramer fan Sibrandabuorren wurdt nei alle gedachten de listlûker. Partijlieder Kramer is sûnt hast acht jier de earste FNP-deputearre fan Fryslân.

Twadde op de kieslist is Corlienke de Jong fan Jutryp. De Jong is de beëage foarsitter fan de FNP-Steatefraksje, wat sy op dit stuit ek al is. Nei Sijbe Knol op trije komme op plak fjouwer Steatelid Sybren Posthumus (Reduzum) en op fiif Wopke Veenstra (Boelensloane).

De adfyskommisje hat ûnder oaren sjoen nei kompetinsjes fan kandidaten, spesjalisaasjes, ferjonging en regionale sprieding. De leden moatte harren op ’e fergadering fan 23 novimber noch útsprekke oer de list.

De leden hiene yn septimber boargemaster Gerben Gerbrandy fan Achtkarspelen (Gau) al oanwezen as kandidaat-senator foar de FNP yn de Earste Keamer. De kandidatelist foar de ferkiezings fan Wetterskip Fryslân is doe ek definityf makke. Dêr stiet Bram Bonnema (Frentsjer) op ien, Yde Dykstra (Ljouwert) op twa en Bert Vollema (Tsjom) op trije.