Raadslid Haaye Hoekstra: ‘Oanpakke en trochpakke’

Nabij besturen is een speerpunt van Waadhoeke. De gemeenteraad heeft daarom Kernteams in het leven geroepen waarbij inwoners ook inspraak hebben en kennis kunnen delen. In de rubriek ‘Nabij besturen in de praktijk’ stellen de raadsleden zich voor. Deze week is het woord aan Haaye Hoekstra van de FNP.

Vertel eerst eens kort iets persoonlijks over jezelf

Ik bin Haaye Hoekstra, hikke en tein yn Kleaster Anjum tusken Berltsum en Ried. Yn de jierren tachtich bin ik ambtner wurden. Dochs fiel ik my nei al dy jierren noch steeds gjin ambtner. Ik wol graach resultaten sjen en saken fierder krije. Wenje mei Marjan al 30 jier op ‘e hoeke oan it nije doarpsplein yn Berltsum. Ik mei graach bûten dwaande wêze, túnkje en fiskje. Ik ha acht jier yn it bestjoer fan de Deinende Dobber sitten en letter yn it bestjoer fan Sportfiskerij Fryslân.

Wat wil je graag realiseren voor Waadhoeke?

Ik soe it moai fine as wy in Waadhoeke der yn slagje om echt saken fierder te krijen. Koartere prosedueres en minder fergaderje, mar oanpakke en trochpakke. Betelbere wenten foar starters en de jeugd yn eigen doarp hâlde. It projekt fan de lytse hûskes fyn ik dan ek in hiel moai ynisjatyf. Ik hoopje dat it slagget en der mear fan dit soarte projekten komme. Ek in goed grienbeheer stiet by my foarop.

De raad wil de inwoners meer als gesprekspartner zien en via de kernteams bij zaken betrekken of zelfs consulteren. Wat vind je van die ontwikkeling?

Ik fyn dat in hiele goede saak. Dat kin ek net oars want ik bin troch de rie frege om foarsitter fan in kernteam te wurden. Dat ha ik oannommen en wol graach dat saken mei faasje fierder komme. Mar we binne wol in nije gemeente yn opbou. Der moat noch in soad taret wurde foar dat alles goed rint.

Welke onderwerpen liggen je na aan het hart en kunnen inwoners je op aanspreken?

It grien is ien fan myn spearpunten. Der wurdt noch te faak rûch mei ús griene omjouwing om gien. Ik bin bliid mei de aksje foar it behâld fan it Dreeslaantje. Der steane in soad sûne beammen yn dy’t fan grutte wearde binne foar de omjouwing. No’t der in wurkgroep komt sil it fêst wol goed komme, mar alles is eindich, ek in beam.

Derneist bin ik foar ekologysk bermbehear. Dat kin bêst, it is faaks op termyn goedkeaper, docht moaier oan en is goed foar it natuerlik ferskaat. Genoch wetter yn de sleatten foar de boeren, foar de fisken en foar de beleving fan it bûtengebiet. De droechte fan de ôfrûne simmer hat ús mei de noas op ’e feiten drukt. We kinne net sûnder genoch wetter yn de sletten.

Wat is het mooiste wat je ooit hebt gedaan? Privé of zakelijk.

Neist it eartiids moderne samenwenjen mei Marjan, no al tritich jier myn frou, is de oanlis fan it doarpsplein yn Berltsum en de sfear yn de wurkgroep my altyd by bleaun. Ek de fiskreis ferliene jier nei Noorwegen wy in hiele ûnderfining. Mei tsien man acht dagen fiskje yn in prachtich dekôr fan wite berchtoppen, brúnfisken neist de boat en glêshelder wetter, wêrby’t je de fisken op mear as tsien meter djipte swimmen sjogge. Dat wie in hiele aparte ûnderfining.