Pjutte-opfang Achlum hellet sertifikaat twatalich wurkjen

ACHLUM

Pjutte-opfang It Lyts Finster hat moandei 9 july it sertifikaat Bernesintrum foar meartalige ûntwikkeling krigen.

De lokaasje fan Stichting Kinderopvang Friesland (SKF) wurket sûnt jannewaris 2016 mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Sy hawwe it sertifisearringstrajekt no ôfrûne en dat fierd mei de bern en har âlden.

Yn it ramt fan de sertifisearring wie it feest foar de bern, harren âlden en de liedsters. Der wie in poppekasfoarstelling foar en in springkessen foar de bern en in hapke en drankje foar liedsters en âlden.

Liedsters Ria en Emmy en frijwillichster Tieneke hawwe it sertifikaat ‘bernesintrum foar meartalige ûntwikkeling’ oerlange krigen fan Johanna Zaagmans, dy’t har by it sertifisearringstrajekt begelaad hat.

Twatalichheid

It Lyts Finster is húsfêste yn de gearwurkingsskoalle It Iepen Finster. It twatalich belied sjocht der yn Achlum as folget út: Ria en Emmy prate konsekwint Frysk mei elkenien, lykas frijwillichster Tieneke. It Nederlânsk hat in fêst plak, troch te sjongen en foar te lêzen yn dy taal. Troch de beide talen dúdlik fan elkoar te skieden, leare de bern de talen út elkoar te hâlden.

Der hat in saneamde fisitaasjekommisje by It Lyts Finster west te sjen. Der wurdt sjoen nei ûnder oaren it taalbelied, de taalomjouwing en it pedagogysk taalklimaat. Oer it pedagogysk taalklimaat skriuwt de kommisje: ‘Dan sjogge wy de liedsters en har hâlden en dragen: Ria en Tieneke sette har yn om de pjutten in moaie boartlike en taalrike moarn te besoargjen, en dat slagget har goed, mei har ynset, entûsjasme en waarme útstrieling.’

En oer de taalomjouwing: ‘It tema maitiid komt no oan de oarder. Liedster Ria lit it bakje mei maitiidsblommen dat op ‘e tafel stiet lâns de pjutten gean. De pjutten meie sizze hokker blommen it binne en as de blommen wol of net lekke rûke. In ferskaat oan wurden en reaksjes komme fan de pjutten.’

By it sertifisearringstrajekt krijt It Lyts Finster begelieding fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang. By it SFBO binne rom 220 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.