Dichterskollektyf RIXT yn Frjentsjer

FRJENTSJER

It kollektyf Dichters fan Fryslân mei hast fjirtich dielnimmende dichters giet troch ûnder de namme RIXT Frysk Dichterskollektyf. Freed 8 juny rint in groepke RIXT-dichters mei yn de iepeningskuier fan Inside Out yn Frjentsjer, in mienskiplik keunstprojekt troch psychiatryske pasjinten.

Mei dizze namme ferneame se ien fan Fryslâns grutste dichteressen (Rixt, 1887-1979). Op de nije webside presintearret RIXT him mei in grutte groep dichters en in grut ferskaat oan gedichten.

Alle moannen stiet der in oare dichter yn de spotlights. Dizze Dichter fan de Moanne skriuwt minimaal twa aktuele gedichten foar RIXT. De RIXT-moannedichter fan juny is de Harnser dichter Jetze de Vries.