Fleurige foardrachtkriich skoalbern

FRENTSJER

Yn de Koornbeurs yn Frjentsjer diene op woansdeitemoarn 15 novimber tweintich bern mei oan de jierlikse foardrachtkriich. De dielnimmers hiene op harren eigen skoalle de foarrondes al wûn mei it foardragen fan gedichten.

Dit jier wiene alle basisskoallen út de nije gemeente Waadhoeke útnoege om mei te dwaan oan de foardrachtkriich. De dielnimmers kamen út alle hoeken fan de nije gemeente: Berltsum, Menaam, Seisbierrum, Sint Jabik en Tsjummearum.

Foar alle dielnimmers wie der in moaie medalje. De prizen gyngen nei:

Yn groep 5/6: 1 Jasper Zijlstra (KBS De Skeakel, Seisbierrum); 2 Simone Born (IBS Lyts Libben, Berltsum) 3 Tessa de Haan (KBS De Skeakel, Seisbierrum.

Yn groep 7/8: 1 Fokje Molenmaker (IBS M.J. Tamsmaskoalle, Tsjummearum); 2 Auke Runia (IBS Lyts Libben, Berltsum); 3 Nelia Zijlstra (KBS De Skeakel, Seisbierrum.

De Seksje Edukaasje Frjentsjerteradiel, dy’t de foardrachtkriich organisearre, sjocht werom op een tige slagge barren.


Auteur

Redacteur