Ynisjatyf-útstel foar Tiny Houses yn de gemeente Menameradiel

Menaam

 FNP Menameradiel sil moandei 27 maart in inisjatyf-útstel oangeande Tiny Houses yntsjinje.

It útstel jout opdracht oan it kolleezje om ûndersyk te dwaan nei de mooglikheden oangeande Tiny Houses yn de gemeente, sawol kwa belangstelling as beskikbere romte. Sûnt de fraksje foarrige wike bekend makke hat mei it útstel dwaande te wêzen, krijt de fraksje in protte positive reaksjes fan doarpsbelangen en ynwenners oer it útstel. De FNP sjocht yn Tiny Houses de mooglikheid om ynwreidings lokaasjes yn de doarpen in nije bestimming te jaan, ynwenners en ynteresearden goedkeap wenje te litten en dat alles op in ekologyske ferantwurde wize. Dêrnjonken kin it oanbieden fan oare wenfoarmen in nije groep ynteresearden nei de gemeente lûke, as ien fan de mooglike opsjes om fierdere krimp tsjin te gean. Op oare plakken yn Fryslân en Nederlân wie de belangstelling grut. FNP Menameradiel hopet dat de oare partijen it útstel stypje sille yn de earstfolgjende gemeenteriedsgearkomste op tongersdei 20 april e.k. en dat wy as hjoeddeistige gemeente Menameradiel ús ambysjes sjen litte kinne en de befinings yn Waadhoeke ferbân brûke kinne.

Auteur

Cindy Houwen