COLUMN | Froulike Kristus op teeservies

Franeker

Dit Sinese teeservies mei in skildere tafereel mei Kristus oan it krús is yn it earste oankommen net sa bysûnder. It porslein is wyt, de skildering swart en men neamt it ‘swart guod’, encre de chine’of ‘jezuïetenporslein’. Neffens oar Sinees porslein, dat gauris oermjittich beskildere is mei blommen en symboalen yn bûnte kleuren, is dit servies oan de ljochte kant.

It wurdt sjoen as in rouservies, fanwegen de ynbannigens fan de kleuren. Dochs is it in apart gehiel. Wa’t it goed besjocht, wurdt gewaar dat de Kristusfiguur op it teebuske in man is,mar op it board en it kopke in frou. In frou? Wisten de Sinezen dan net wa’t Kristus wie?

It antwurd is nee, dat wisten hja nei alle gedachten net.De Sinezen dy’t dit servies makke en beskildere ha, krigen in opdracht fia de VOC om in fyftjindelich wyt servies te meitsjen en mei zwarte inkt te beskilderjen. De ôfbylding dy’t op elk stik servies komme moast waard nei alle wierskynlikheid meilevere, sadat de Sinezen it sa neiskilderje koene. Soms waard it plaatsje troch jezuïeten oanlevere dy’t as missionarissen yn Sina wurken of waard it servies troch jezuïeten besteld.

Dêrom de namme ‘jezuïetenporslein’. Mar de skilder fan dit porslein koe it Kristlik leauwe net, en de ôfbylding wie faaks wat ûndúdlik. De skilders sloegen der mar in slach nei en makken in Kristusfiguer dy’t op it iene boardsje in man, op it oare in frou mei boarsten wie. Dêrneist wisten dizze skilders blykber net hoe’t Europeanen der út seagen.

De figueren op it servies hawwe Sineeske trekken en hawwe Sineeske klean oan. Ek de letters INRII boppe de holle fan Kristus binne in dichterlike frijheid fan de skilder. De ôfkoarting INRI (Iesus Nazarenus Rex Iudaeorum) komt op Europese ôfbyldingen fan de krusiging faak foar, mar dizze skilder betocht der in ekstra I by.

De Europese opdrachtjouwer fan dit servies hat nei alle gedachten mear as in jier wachtsje moatten foardat hy dit yn ‘e hûs hie. Oft dit einprodukt it lange wachtsjen fan de opdrachtjouwer wurdich wie is noch mar de fraach.


Auteur

Redacteur