INGEZONDEN | FNP Franekeradeel pleit voor wederopbouw poorten op het Bolwerk

FRANEKER

Jehannes Elzinga stuurde namens de FNP Franekeradeel een ingezonden brief met daarin de roep om de historische poorten op het Bolwerk in Franeker weer op te bouwen.

Hieronder de Friese tekst. Frjentsjer stiet bekend as ien fan de moaiste stêden fan Fryslân. Mei it Planetarium en it fraaie histoaryske sintrum hat de stêd goud yn hannen. It is dan ek gjin wûnder dat Frjentsjer folop ynset op it toerisme, byg. troch de de grêften te ûntsluten foar de wettersport yn it ramt fan it projekt Franeker Waddenpoort. Mar der is noch folle mear mooglik, sa is lêsten in moasje fan de FNP yn de gemeenteried oannommen om it mooglik te meitsjen de toer fan de Martinitsjerke te beklimmen. De FNP hat mear útstellen yn har program stean om toeristen te ferlieden nei Frjentsjer te kommen. Ien dêrfan is it weropbouwen fan histoaryske poarten op it bolwurk. Spitigernôch binne alle poarten dy’t earder op it bolwurk stienen, ôfbrutsen. In grutte blunder fan eardere stedsbestjoeren. Wat soe de stêd opkreazje as de eardere poarten wer yn folle gloarje ferrize soenen. Dêrfoar is it net te let, guon organisaasjes lykas de Vrienden van de Stad Franeker stelle al út guon poarten wer op te bouwen. Fan út de polityk hat de FNP de weropbou fan Wetterpoarte Ljouwerter Piip yn har ferkiezingsprogram stean. Dêrnjonken is weropbou fan de Doanjumerpoarte ek hiel oantreklik. Dizze hat as bonus dat er stiet oan de Âlvestêderûte, de kontoeren hawwe okkerjiers noch pronke op it bolwurk by it jubileum fan de Agraryske Dagen. Mocht der ea wer in Âlvestêdetocht komme, dan soe it hiele lân him fergapje kinne oan dizze poarte. Koartlyn binne fûneminten fan dizze poarte weromfûn, in ekstra reden dizze poarte wer op te bouwen. Wetterpoarte Ljouwerter Piip Buiskool (oan de eastkant) soe mei syn karakteristike sipeltoer in ikoan fan Frjentsjer wurde kinne. Dizze toer hat as bonus dat er de kuierrûte fan it nije winkelsintrum oan de Ljouwerterwei nei de Martinitsjerke opkreazje soe leafst yn kombinaasje mei it restaurearje fan de eardere grêft yn it Ljouwerterein. Útsoarte soe earst in kosten/baten analyze útfierd wurde moatte om de libbensfetberens fan dit plan te bepalen. Mar jild mei gjin probleem wêze sjoen de fûnsen dy’t beskikber binne fanwegen Waddenpoort, KH2018 (€120.000 hat wethâlder De Pee lêsten útsteld), ensfh. As der jild is foar in fontein yn alle Fryske stêden moat der ek jild wêze om in stik histoarje wer libje te litten. Mei de opbou fan beide poarten soe Frjentsjer pas echt kulturele Stjer fan de Âlvestêden wêze. Jehannes Elzinga (skriuwer FNP Frjentsjerteradiel) Frjentsjer

Auteur

Jitze Hooghiemstra