Trep en omgong foar Martinitsjerke Frjentsjer

Franeker

 

  FRJENTSJER - Op 'e riedsgearkomste fan 21 jannewaris is de rie, tegearre mei it kolleezje, akkoart gien mei in 'moasje frjemd oan de oarder fan de dei' fan de FNP Frjentsjerteradiel. Yn de moasje, mei yntsjinne troch CU en D66, waar it kolleezje oproppen om it bestjoer fan de Stichting tot behoud monumenten in de Gemeente Franekeradeel oan te setten ta it útfieren fan in helberheidsûndersyk om de treppen en omgong fan de toer fan de Martinitsjerke yn Frjentsjer tagonklik te meitsjen foar it publyk. Riedslid Hans Nauta  (inisjatyfnimmer en wurdfierder): ,,In feilige tagonklikheid fan de toer is in goeie stipe foar de ferdivedaasje yn de stêd. Frjentsjer kin hjirmei in attraksje riker wurde. Boppedat is it in moaie oanfolling op de besteande publykslûkers lykas it Plantarium, Martenahûs, it âlde stedhûs en it nije keatsmuseum."

Auteur

Marike Van der Molen